Partoer Heida wint yn Arum

08 maaie 2006 - 10:17

It partoer Marie Heida, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra hat sneintemiddei yn Arum de frije formaasje keatswedstriid foar froulju wûn. Se wûnen yn in iensidige finale mei 5-1 en 6-0 fan it partoer Maaike Joostema, Inge Algra en Romy van der Veen.

It favorite partoer fan Géjanna Buma ferlear yn de earste omloop fan it partoer fan Hilda Tjepkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)