Bedriging mei kettingseage

08 maaie 2006 - 10:17

In 57-jierrige Feanster is sneontemiddei oanhâlden troch de plysje foar bedriging en fernieling. De fertochte soe in auto fan in 60-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean fernield ha.

De fertochte hie mei in kettingseage besocht de spegels fan de auto ôf te seagjen. Ek hie er de eigner fan de auto bedrige. Hy hat de bedriging bekend. Hy is oanhâlden en de kettingseage is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)