Brânstifting yn Aldemardum

07 maaie 2006 - 16:28

By kafee Nostalgie oan de Brink yn Aldemardum hat sneintemoarn brân west. De eigner, in 44-jierrige man út Aldemardum, hearde om 5 oere moarns geknetter oan de foarkant fan it gebou.

Hy seach eefkes letter dat riten stuollen en in luifel fan it terras yn de brân stiene. Hy hat plysje en brânwacht warskôge en sels it fjoer útmakke mei amers wetter. Nei alle gedachten binne de stuollen en de luifel yn brân stutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)