Dierepartij wol damhert rêde

© Omrop Fryslân
De Partij foar de Dieren easket in rêdingsaksje foar in damhert yn it Lauwersmargebiet. It damhert rint om mei in stik kanvas oan it gewei en hat dêr lêst fan. As jild in probleem is, wol de partij de kosten wol betelje.
Steatsboskbehear fynt dat wyldbehearders it bist helpe moatte, mar Fryske en Grinslanner jagers ha skeel oer it jachtrjocht yn it gebiet. Fannewike is al besocht om it bist te ferdôvjen, mar dat is net slagge.