Degradaasje Drachtster Boys

07 maaie 2006 - 12:00

Drachtster Boys hat sneon op eigen fjild mei 0-4 ferlern fan HHC út Hardenberg. Troch dit ferlies degradearret Drachtster Boys nei ien jier wer út de haadklasse. Mei it skoft wie it 0-1 foar HHC. Troch trije doelpunten yn de twadde helte wie it nei 90 minuten 0-4.

Kampioen ONS Snits ferlear op it eigen fjild mei 1-2 fan ACV út Assen. Harkemase Boys gong yn Zwolle mei 4-1 ûnderút tsjin Be Quick '28.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)