Fernieling bernebuorkerij Stiens

© Omrop Fryslân
Yn de bernebuorkerij fan Stiens binne yn de nacht fan tongersdei op freed guon saken fernield. Yn it 'kabouterbosk' binne fyftjin kabouters stikken makke. Fierder binne der sketten en hekwurken losmakke en út de grûn lutsen.
Wa't der foar de fernielings ferantwurdlik is, is noch net bekend. De fernielers binne op it terrein kaam troch it stek oan de achterside fan it kabouterbosk stikken te knippen.