Boat en motors stellen Eastersee
By in bedriuw oan de Slúswei yn Eastersee is woansdeitenacht in boat mei in bûtenboardmotor stellen. It giet om in wite polyester boat.
De boat stie op in trailer achter in sket. Deselde nacht binne ek seis oare bûtenboardmotors stellen. Mooglik binne dy mei de boattrailer ferfierd. De plysje docht fierder ûndersyk nei de stellerij.