Dales optein oer ferrin festival

© Omrop Fryslân
Neffens de organisaasje binne der sa'n 70.000 besikers op it Befrijingsfestival yn Ljouwert ôfkaam. Freedtejûn wie op it poadium by de Arendstún ûnder oare in optreden fan de bekende band Racoon.
Boargemaster Dales fan Ljouwert is optein oer it ferrin fan de dei. Hy makke oan it begjin fan de middei mei premier Balkenende en de oare gasten in kuier oer it festivalterrein.