Balkenende foarstanner fan debat

06 maaie 2006 - 10:25

Minister-presidint Balkenende is grut foarstanner fan it debat, om oer drege kwestjes te praten. Dat die freedtemiddei bliken by it debat dat ta gelegenheid fan befrijingsdei yn Ljouwert organisearre wie.

Jongeren koene dêr yn diskusje mei Balkenende. Der waard ûnder oare praat oer wêr't de grins leit om kwestjes oan de kaak te stellen. De premier seit dat je fier gean kinne, mar dat je altiten prate bliuwe moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)