VVD-kandidaten nei Ljouwert
Twa fan de trije listlûkerskandidaten fan de VVD komme moandei yn Ljouwert om mei inoar te debattearjen. It giet om Mark Rutte en Jelleke Veenendaal. Rita Verdonk, de tredde gadingmakker foar it listlûkersskip, komt moandei net.
It debat wurdt organisearre troch de Fryske ôfdieling fan de VVD. It wurdt hâlden yn de Purple Lounge Club yn Ljouwert.