Dingsdag akkoart mei Hearrenfean

05 maaie 2006 - 16:35

Michael Dingsdag is persoanlik rûn mei SC Hearrenfean. De 23-jierrige Vitesse ferdigener kin in kontrakt tekenje dat him foar de kommende 4 jier oan de klub ferbynt. Hearrenfean en Vitesse moatte noch wol ta in akkoart komme.

Foarsitter Riemer v.d. Velde wol it nijs befestigje noch ûntkenne. Ek Feyenoord, Werder Bremen en Borussia Mönchengladbach soene interesse hawwe foar Dingsdag, mar Hearrenfean liket de bêste papieren te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)