Wurk Blau-Wyt-kompleks stillein

05 maaie 2006 - 16:26

It miljeuteam fan de plysje hat fannewike in part fan it wurk oan it nije sportkompleks fan fuotbalklub Blau-Wyt by Ljouwert stillein. By it wurk waarden beskerme fûgels fersteurd.

Der waard ûnder oare grûn rjocht makke en der waarden beamkes plante by de nêsten fan ljippen, strânljippen en de bûnte wilster. Fan de lêste soart briede mar 500 pearkes yn Nederlân. It wurk mei wer begjinne as de aaien útkaam binne en de fûgels fuortflein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)