Grutte karriêrebeurs yn Grins

© Omrop Fryslân
Mei in grutte karriêrebeurs fan twa dagen yn Grins hopet VNO-NCW Noard in ein te meitsjen oan de útstream fan Noardlike studinten nei de Rânestêd. Under har sit in soad talint en dat moat behâlden wurde foar de ekonomyske ûntjouwing yn Noard-Nederlân, seit de wurkjouwersorganisaasje.
Alle Noardlike hegeskoallen dogge mei oan de karriêrebeurs. De beurs wurdt op 28 en 29 novimber holden yn it Martiniplaza yn Grins.