Wilkens sjongt ferskes Vreeswijk

© Omrop Fryslân
De Sweedske ferskes fan de bekende sjonger Cornelis Vreeswijk binne fan septimber ôf ek yn it Frysk te hearren. Piter Wilkens sil foar syn nije teatertour de ferskes oersette. Vreeswijk is benammen bekend fan de single 'De Nozem en de Non' út 1972.
Fan syn LP 'Cornelis Vreeswijk' waarden goed 100.000 eksimplaren ferkocht. Ek de Nederlânske ferskes fan Vreeswijk sille troch Wilkens oerset en songen wurde.