Drost oproppen foar Jong Oranje

© Omrop Fryslân
Hearrenfean-spiler Jeroen Drost is troch bûnscoach Foppe de Haan oproppen foar de seleksje fan Jong Oranje. Hy makket mei 26 oare spilers diel út fan de foarseleksje foar it EK dat ein maaie út ein set yn Portugal.
Dêr moat de ploech fan Foppe de Haan it yn de earste ronde opnimme tsjin Oekraïne, Denemarken en Italië. De seleksje komt no op 8 maaie by inoar foar in treningskamp. Op 15 maaie is de definitieve EK-seleksje bekend.