Epke Zonderland finalist

© Omrop Fryslân
Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat tongersdei op de Europeeske kampioenskippen yn it Grykske Volos de finale helle op'e rekstôk. De turner (20) kaam as lêste by de bêste acht. De finale wurdt snein ôfwurke.
De Nederlânske ploech - mei in grutte Fryske ynbring - die it yn 'e lannewedstriid hiel aardich. Nederlân waard achttjinde. Oer dy prestaasje wie koach Gerard Speerstra bêst te sprekken.