Asylsikers by befrijingsfeest

05 maaie 2006 - 14:32

Sa'n 300 asylsikers út hiel Fryslân fiere freed de befrijing yn Ljouwert. Bewenners fan seis asylsikerssintra binne yn bussen nei de Fryske haadstêd brocht.

Hoewol't de measten net wite wat de befrijing krekt betsjut, woe Flechtlingewurk Fryslân se dochs útnoegje om by it festival te wêzen. It is net de bedoeling dat de asylsikers freed protestearje tsjin it asylbelied fan minister Verdonk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)