Froulju betaaste yn Ljouwert

05 maaie 2006 - 12:59

De plysje hat in 38-jierrige man út Ljouwert oanholden, fanwege mishanneling en oanranding. De man makke tongersdei op in terraske op de Nijstêd yn Ljouwert in praatsje mei twa froulju.

Hy begûn har ek te betaasten. Doe't ien fan de froulju rôp dat er ophâlde moast, pakte er har by de kiel en misledige er har. De plysje hat de man meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)