Himpkwekerij oprôle yn Driezum

© Omrop Fryslân
Yn Driezum is fannewike in himpkwekerij oprôle. Yn in ôfsletten keamer yn in hûs oan de Nieuweweg fûn de plysje tweintich planten en de apparatuer dy't foar sa'n kwekerij nedich is.
Der wie ek yllegaal stroom ôftape. De plysje fûn fierder ek trije fjoerwapens. In 37-jierrige Driezumer is heard op fertinking fan it telen fan himp, mar is dêrnei wer loslitten.