Jager De Jouwer bekeurd

05 maaie 2006 - 10:49

In 57-jierrige jager fan De Jouwer hat in bekeuring krigen om't er de Floara- en Faunawet oertreden hat. De man hie yn in greide in krieë-fangkoai opsteld. Dêr lei aas yn en dat is ferbean.

Yn de koai leine ek deade hinnen, einen, guozzen, mollen en in ree. By fierder ûndersyk waarden ek noch in eksterfangkoai en twa lokeksters fûn. It fangen fan eksters is ek ferbean. De koai is ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)