Mear beweging foar Snitser bern

05 maaie 2006 - 10:43

De gemeente Snits hat jild krigen fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat om projekten foar de sûnens fan de bern en jongerein op te starten. Nei de simmerfakânsje sil de gemeente yn de wiken Noarderhoek, Lemmerwei en Sperkhem ferskate saneamde BOS-projekten organisearje.

In kombinaasje fan sport mei dûns, muzyk en spultsjes moat de bern en jongerein wer mear oan it bewegen krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)