Brân natuergebiet De Westerein

05 maaie 2006 - 10:38

Seishûndert kante meter sompegebiet is tongersdeitemiddei ferlern gien by in brân by De Westerein. Om goed 15.00 oere kaam der in melding binnen by de brânwacht. Dêrnei kamen de brânwachtteams fan Damwâld en De Westerein yn aksje.

Om't it om sompegebiet gong, wie it dreech om goed by de brân te kommen. Dêrom waard by it dwêsten ek gebrûk makke fan in boatsje. Nei goed twa oeren dwêsten wie it fjoer wer út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)