Alex Pama nije Cambuur-direkteur
Alex Pama wurdt de nije direkteur fan Cambuur Ljouwert. Hy komt dêr op 1 juny yn tsjinst. Pama folget ynterim-direkteur Harjan van Dam op. Hy is no noch eigner fan in fuotbalskoalle yn Atlanta yn de Feriene Steaten.
Hy wurke yn it ferline by it fuotbalbûn KNVB en by AZ. Fierder hat er ek scout west by ferskate fuotbalklubs yn Europa.