NHL-studinten jouwe byles

© Omrop Fryslân
Jongeren dy't foar it eineksamen sitte, kinne dizze moanne by studinten fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert telâne foar byles. Studinten fan de learare-oplieding stelle har fergees beskikber om de kandidaten 'stressfrij' te meitsjen.
Belangstellenden kinne har oanmelde fia de website fan de NHL. De bylessen wurde yndividueel of yn groepsferbân hâlden. De studinten kinne sa praktykûnderfining opdwaan.