Miljeuboat hellet mear ôffal op

04 maaie 2006 - 10:48

De stifting Skipsôffal Binnenfeart hat fan de gemeente Harns tastimming krigen om har aktiviteiten yn de haven út te wreidzjen. De stifting hellet al langere tiid it oaljehâldende ôffal fan de skippers op, mar sil meikoarten ek oare hússmoargens ophelje.

De stifting brûkt hjirfoar de spesjale miljeuboat 'Jack'. De gemeente wol sa foarkomme dat de skippers har ôffal oan de wâl sette. De 'Jack' sil no twa kear yn de wike it ôffal ophelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)