Ferkearsoerlêst yn Wommels

© Omrop Fryslân
Guon doarpen yn de gemeente Littenseradiel ha in protte ferkearsoerlêst troch it wurk oan de dyk tusken Winsum en Boalsert. Benammen yn Wommels soarget de drokte geregeld foar ferkearsopstoppings. Ek op de binnendykjes by Iens en Spannum ûtstean der gefaarlike sitewaasjes.
De problemen yn Wommels wurde no oanpakt troch by de Jumbo oan de Terp in parkearferbod yn te stellen. Sa moat it ferkear better trochride kinne.