Graffity-spuiters wurde oanpakt

04 maaie 2006 - 09:53

De gemeente Smellingerlân wol stranger optrede tsjin graffity-spuiters. Net allinne sil de gemeente earder oanjefte by de plysje dwaan, mar sille amtners ek mei in digitale kamera foto's nimme fan ferbeane graffity- keunst. Dêrmei soe de plysje mooglik earder de dieders opspoare kinne.

Yn de notysje Graffitybelied hat de gemeente de doelstelling dit jier trije graffity-spuiters oppakke te wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)