Skorpioenferhaal is grap

© Omrop Fryslân
It ferhaal oer 21 ûntsnapte woestyn- skorpioenen yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is in grap. In 19- jierrige ynwenner fan Ljouwert hat woansdei tsjin de plysje bekend dat er in grapke makke hat.
De man hie posters yn de buert ferspraat mei it boadskip dat der 21 skorpioenen ûntsnapt wiene. Plysje, gemeente en GGD namen de melding serieus, mar holden ek rekken mei in grap.