Swimbad Wommels iepen

© Omrop Fryslân
Swimbad de Klomp yn Wommels is woansdei ien oere wer iepengien. Dat hie moandei al sillen, mar it swimbad hie te krijen mei maleur. Der wie in pomp stikken. Dy is wer makke, en doe moast it wetter noch opwaarmje. It is mooglik it lêste simmerseizoen dat it swimbad iepen is.
It nije bestjoer sjocht it net sitten om langer troch te gean. It swimbad is bot ferâldere en de gemeente wol gjin jild stekke yn in opknapbeurt.