Fundering foar akwadukt Langdeel

© Omrop Fryslân
Der wurdt fan woansdei ôf wurke oan de fundearing fan it takomstige akwadukt yn de Wâldwei. De bou fan it akwadukt sels begjint yn juny.
Der is de ôfrûne moannen 650 tûzen kuub sân brûkt om in soarte fan polder te meitsjen dy't de basis foarmet fan de fundearing. It akwadukt dat ter hichte fan it Langdeel makke wurdt, is ûnderdiel fan de ferdubeling fan de Waldwei. Yn 2008 moat alles klear wêze.