"Binde wer op goeie spoar krije"

03 maaie 2006 - 07:19

De gemeente Weststellingwerf sil alle war dwaan om de jeugdbinde dy't oppakt is wer op it goeie spoar te krijen. De 17 jongeren dy't oppakt binne, komme allegear út de eigen mienskip. Dêr moatte se aanst ek wer in plak yn krije, wol boargemaster Van Klaveren.

De gemeente hat net genôch minsken om sa'n grutte groep yntensyf te begelieden. Dêr moat noch yn foarsjoen wurde. Van Klaveren wie nau belutsen by de oanhâlding fan de jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)