Hynders brânmerke bliuwt ferbean

03 maaie 2006 - 07:19

Hynstehanneler van der Linden út Terwispel mei gjin Fryske hynders brânmerke. Dat hat de rjochter sein.

Yn 2004 brânmerkte Van der Linden in hynder om sa de diskusje dêroer oan te swingeljen. Yn guon Europeeske lannen meie hynders sa registreard wurde, mar hjir net. Van der Linden fynt dat diskriminaasje. Tsjinwurdich krije hynders yn Nederlân in chip yn 'e hals om se te registrearen. De fokker krijt ûnder betingst in boete fan 250 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)