Groepke famkes berôvet famkes

© Omrop Fryslân
Twa famkes binne moandeitemiddei op it Ruterskertier bedrige en berôve troch in groepke oare famkes. De famkes(13) út Wommels en Easterein moasten meirinne in steech yn, oars soene se delstutsen wurde. De oerfallers wiene trije famkes fan in jier as 16.
Ien fan de slachtoffers hat wat jild jûn. Krekt doe't se harren mobile tillefoans ôfstean soene, kaam in man te help. Doe naaiden de dieders út.