De Skâns net brânfeilich
Kultureel sintrum De Skâns op 'e Gordyk foldocht net oan de easken fan brânfeiligens. It grutste probleem is dat der gjin brânmeldynstallaazje is.
De gemeente Opsterlân is eigner fan it gebou. Dy sil no dus ta de ponge moatte. In nije brânmeldynstallaazje kostet goed 56.000 euro. Dizze sil ynkoarten ynstallearre wurde. Alle foarstellingen yn de Skâns kinne gewoan trochgean.