Skip fan Amels wint wer in priis

02 maaie 2006 - 15:29

It superjacht Ilona dat boud is by skipswerf Amels yn Makkum hat opnij in ynternasjonale priis wûn. It lúkse jacht fan 73 meter is yn Miami útroppen ta The Best Power Yacht.

Twa jier lyn wûn de Ilona ek in award. It jacht hat twa sterke dieselmotors en in spesjaal stabilisaasjesysteem. Oan board fan de Ilona is ûnder mear in grutte bioskoop, in grut tal lúkse sliepkeamers en in helikopterhangar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)