Ophokplicht fan de baan

© Omrop Fryslân
De ophokplicht foar plomfee- en wetterfûgels jildt moandei net mear. De maatregel is net mear nedich om fûgelgryp yn ús lân foar te kommen.
Fan heal febrewaris ôf wie it ferplichte om de fûgels ûnder dak te hâlden, of ûnder linten. Troch de maatregels is by guon hâlders fan wetterfûgels it briedseizoen folle minder goed slagge as oars. Ek binne hjir en dêr fûgels deagien.