Sportman lûkt 4000 besikers

© Omrop Fryslân
De film Sportman fan de Ieu hat oant no ta 4000 besikers lutsen. De film gie begjin april yn premiêre. Mei-inoar draaide Sportman fan de Ieu yn tritich bioskopen. Dêr binne nei in goed moanne noch mar seis fan oer. Ien yn Amsterdam, de oare fiif yn Fryslân.
De besikersoantallen binne in grutte teloarstelling foar produsint UIP. De produsint ferwachtet dan ek dat de film op koarte termyn út de bioskopen ferdwynt.