Wol of net ûntsnapte skorpioenen

© Omrop Fryslân
De plysje bûget him oer de fraach oft der yn de wyk Camminghaburen yn Ljouwert echt 21 skorpioenen ûntsnapt binne. Dêr wurdt op bryfkes yn de wyk melding fan makke.
De plysje tinkt dat it om in grap giet, mar wol gjin risiko nimme. Minsken dy't mear witte oer it plak dêr't de skorpioenen mooglik ûntsnapt binne, wurdt frege dat te melden. Minsken dy't stutsen binne, moatte 112 belje of nei it sikehûs gean.