Passy-skoalle wol nei Drachten

01 maaie 2006 - 20:19

Drachten krijt mooglik in middelbere protestants-kristlike Passy-skoalle. Dy hat ek festigingen yn Amsterdam, Rotterdam, Utrecht en Twente. De skoalle wie al langer op syk nei in lokaasje yn Noard-Nederlân.

In ûnôfhinklik ûndersyk moat no útwize oft yn Drachten romte is foar noch in skoalle. As de resultaten posityf binne moat Den Haach noch tastimming jaan. De skoalle soe dan yn 2008 iepen kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)