Underwetterfoto's yn swimbad

© Omrop Fryslân
Besikers fan swimbad De Blauwe Golf kinne har sels dizze wike ûnder wetter op de foto sette litte. It swimbad wol sa yn de maaiefakânsje ekstra besikers lûke.
De swimmers kinne mei attributen sa as dolfijnen en tropyske fisken op de foto setten wurde. Letter kinne se in ôfdruk mei krije of de foto downloade op ynternet. De ûnderwetterfotograaf komt woansdei tusken 2 en 4 oere yn it swimbad.