Plysjeminsken foar nij ûndersyk

© Omrop Fryslân
Trettjin Fryske plysjeminken dy't meiwurke ha oan it ûndersyk nei de saak Vaatstra wolle ek dat der in nij ûndersyk komt. De 13 plysjeminsken ha meiwurke oan it rapport fan Akerboom, dat makke is yn opdracht fan Twadde Keamerlid Hilbrand Nawijn.
De plysjeminsken ha út frije wil meiwurke oan it ûndersyk fan Akerboom, sûnder dat se hjir tastimming foar hiene fan de korpslieding. Se wurde yn it rapport sels net mei namme neamd.