Ynbrekker trappearre yn skoalle

01 maaie 2006 - 10:43

De plysje hat sneintemoarn betiid in Ljouwerter(28) oanhâlden, omdat hy dwaande wie mei in ynbraak yn in skoalle oan de Dr. Jacob Botkewei yn Ljouwert. De man wie al yn de skoalle, doe't hy op 'e die betrape waard troch de befeiligingstsjinst fan 'e skoalle.

De befeiligers hawwe de man oerdroegen oan de plysje. De man waard oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)