Aksje VNO/NCW foar Suderseeline

01 maaie 2006 - 09:45

Wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW sil aksjefiere foar de oanlis fan 'e Suderseeline. Alle politike, ekonomyske en maatskiplike organisaasjes yn it noarden wurde oproppen om mei te dwaan oan de aksjes, dy't noch betocht wurde. VNO/NVW hat it oer 'hurde aksjes'.

Op 23 maaie wurdt in petysje oanbean oan de Twadde Keamer. It kabinet sjocht neat yn in Suderseeline, mar VNO/NCW sjocht dochs noch kânsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)