Nawijn: tips oer saak Vaatstra

© Omrop Fryslân
Keamerlid Nawijn hat in stik of tsien tips krigen, nei oanlieding fan syn ûndersyk nei de saak Vaatstra. Neffens it ûndersyk soene saken better ûndersocht wurde moatte, lykas fytsspoaren en spoaren fan hânboeien.
Nawijn wol it ûndersyksrapport net oan it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert jaan, omdat der privacy-gefoelige ynformaasje yn stiet. It giet dan om nammen fan de plysjeminsken, dy't oan Nawijn syn ûndersyk meidien ha.