'Saak-Vaatstra kin oplost wurde'

30 apr 2006 - 00:00

De moard op Marianne Vaatstra is mei in soad muoite en ynspannings wol op te lossen. Dat is de oertsjoeging fan âld-ryksresjersjeur Akerboom, dy't de saak ûndersocht op fersyk fan Twadde Keamerlid Hilbrand Nawijn. It Twadde Keamerlid freget no minister Donner fan justysje om in opdracht foar in grutskalich dna-ûndersyk.

Neffens Akerboom is it in 'miste kâns' dat it iepenbier ministearje oant no ta gjin grutskalich dna-ûndersyk woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)