Fryske scouts nei deadebetiking

29 apr 2006 - 17:10

Fryske scouts begeliede dit jier de deadebetiking op de Dam yn Amsterdam. Njoggentich Fryske scouts helpe op 4 maaie mei oan de seremoanje by it Nasjonaal Monumint. Se moatte ûnder oare assistearje by it lizzen fan de krânsen.

Dit jier steane de scouts dy't helpe op fersyk fan 'e keninginne hielendal foaroan by de betinking. As tarieding ha de Fryske scouts ûnder oare nei it Fersetsmuseum west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)