CPS Color yn Snits giet ticht

© Omrop Fryslân
It eardere fervefabryk fan Flexa yn Snits giet ticht. Alle 36 wurknimmers krije dien. Yn 2001 ferkocht Akzo Nobel it fabryk oan it Finske CPS Color. De produksje wurdt stadichoan ferpleatst nei Sittard. Yn april 2006 giet de doar definityf ticht.
Fakbûnen neame de beheinde wize fan marketing as oarsaak fan de sluting. De lieding soe har net bot ynset ha nije klanten en wurk binnen te heljen.