Flylân hat eigen postsegel

© Omrop Fryslân
Flylân hat in eigen postsegel. De segel wurdt útbrocht troch TPG-post en is allinnich te krijen op it Waadeilân sels, by in klup fan sammelers en fia it ynternet. Op it postsegelfel stiet in seehûn. Syn rêch giet oer yn in fytspaad en dêr fytse twa manlju op in tandem. In buro út Rotterdam hat it ûntwerp foar de postsegel makke.
De postsegel hat in gewoane wearde fan 39 sinten. Der binne 200.000 spesjale Flylân-postsegels makke.