153 Friezen krije lintsje

29 apr 2006 - 12:08

153 Friezen ha freed in keninklike ûnderskieding krigen. Fral minsken dy't frijwilligerswurk dogge, binne ûnderskieden. Under de pommeranten wienen in tal skiedende wethâlders lykas Bouwers fan It Hearrenfean en Debreczny fan Dantumadiel.

Puck van Ulzen, it âld-VVD-riedslid fan Ljouwert hat no lang om let ek in lintsje krigen. Doe't se út de ried gie, hie de gemeente har fergetten. Dat is no rjochtset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)