Eksamenstunt hellet wrâldrekord

© Omrop Fryslân
It Stellingwerf College yn Easterwâlde hat freed it Guinness Book of Records helle. De skoalle hat de grutste ekskurzje fan 'e wrâld organisearre. Mei elkoar ha 1113 learlingen fan de skoalle meidien. De ekskurzje bestie út in fytstocht fan Easterwâlde nei Appelskea.
It âlde rekord wie yn hannen fan in Amerikaanske skoalle. Doe wienen der 1009 dielnimmers. De ekskurzje is betocht as eineksamenstunt.